Blog: Tank foar in geweldige tiid!

We binne yntusken al wer twa dagen thús. Lekker even bykomme fan de geweldige aventoeren yn Londen. Wat ha we in prachtige tiid hân: fan it balkon fan CNN oant it goud fan Epke Zonderland. It einige mei in domperke, sa’t guon minsken al witte is ûnderweis nei hûs de laptop stellen. Gelokkich ha we alle foto’s en bylden bewarre dus der is neat definityf ferlern. Mei beachfollyballer Richard Schuil dy’t juster krekt te koart kaam foar it brûns, is ek de lêste Fries klear op dizze Spelen. Dat it foar ús sa’n súkses wurden is yn Londen, komt mei troch in oantal minsken dy’t ik graach even neame wol.
As earste Dirk, myn kompaan fan de ôfrûne twa wiken. Ik hie my gjin bettere maat betinke kind. Neist sjef-kamera wiest ek sjef-kok, sjef-húshâlding, sjef-metro en sjef-ponghâlder. We ha in protte lake en ha elkoar der trochhinne sleept. Wat kinne dy minsken yn de metro toch segrinich foar harren útsjen! Mar wy hiene de grutste lol. In bytsje sjonge en wat fluitsje, de kop d’r foar! Bikkelje op guon mominten, lang wachtsje op oare mominten, mar gjin gestin en gjin geklaai. Wy binne hjir no en we sille der wat moais fan meitsje!
Margreet, tank foar alles watst yn it foar regele hast foar ús. De hotels, it appartemint en it ferfier, dik yn oarder. We giene noflik op paad yn de wittenskip dat der alle nachten in bêd foar ús klear stie. Guon saken moasten last-minute, mar it is allegear goed kaam. Dikke prima!
Marijke, tank foar it ferbliuw yn YummyDoodle. In hearlike basis dêr’t we fanút wurkje koene. In rom appartemint, goeie fassiliteiten, sintraal yn Londen: it koe net better!
Gerrit, tank foar it fertrouwen datst ús jûn hast. Ik hoopje dat wy it mear as werombetelle hawwe. Myn gefoel seit fan wol.
Kollega’s, tank foar alle updates dy’t jimme trochjûn hawwe. Fan de wedstriden ha wy net in soad sjoen, mar mei tank oan jimme ynformaasje koe ik de sporters dochs kreas ynterviewe. Ek de minsken dy’t achter de skermen hurd wurke hawwe om de reportaazjes op radio en tillevyzje te krijen, tank. Sûnder jimme hie Fryslân in stik minder meikrigen fan de prestaasjes fan de Fryske Olympiers.
Jan v F. en Jan K., tank foar it finansjeel stypjen fan dit projekt. Neffens my wie it wikkerdewik, mar it hat in goed beslút west as jimme it my freegje. Dirk en ik geane oer fjouwer jier graach nei Rio!
Befeiligers, stewards en plysjeminsken, tank dat jimme ús oeral trochlitten hawwe. We hiene der bytiden wat smoeskes foar nedich (Sticker op de kamera? Tsja, dy is der troch de rein ôfgien. Akkreditaasje? Wy binne fan it Holland Heineken House! Komme wy foar it turnjen? Nee, wy fine dy winkeltsjes yn de O2-Arena sa ynteressant…) mar we krigen jimme allegear safier dat we trochrinne mochten.
CNN, tank dat wy op jimme balkon stean mochten. In dreamstart foar ús dy’t fuortendaliks de goeie spirit brocht.
Alle Fryske sporters en famylje, tank foar it begrip foar ús wurksitewaasje. It wie bytiden lestich om jimme te pakken te krijen of te finen, mar jimme stiene der allegear! Dat ha we geweldich wurdearre, super!
In oantal sporters en famylje wol ik yn it bysûnder even neame:
Lieuwe en famylje, tank foar de moaie middei mei jimme hûntsje Snowy. Noch nea sa'n soad reaksjes hân op in reportaazje. As it sa útkomt passe wy noch wolris in kear op haha!
Marit, Pieter-Jan en famyljes, tank foar de moaie dagen yn Weymouth. We fielden ús wolkom en geweldich dat we mei-ite mochten. We ha genoaten fan de medalraces dy’t we tegearre mei jimme belibbe ha. Pieter-Jan, spitich datst it krekt net helle hast. Do bist der fol foar gien en kinst dysels neat kwea ôf nimme. Bist in geweldich sportman datst nettsjinsteande dyn ferlies dochs alle tiid naam hast om ek oan ús dyn ferhaal te fertellen. Marit, wat hast geweldich fearn. De meast konstante fan allegear, mar krekt te koart foar it goud. Oer fjouwer jier leit Rio oan dyn fuotten!
Epke en famylje, tank foar de gouden mominten dy’t jimme ús (nee, hiel Fryslân, nee hiel Nederlân, nee wierskynlik de hiele wrâld) brocht hawwe. Wat in spektakel en wat in spanning, wy ha der fan genoaten. As grutske Friezen stapten we troch de O2-Arena, guon minsken dy’t seagen dat we fan de Omrop wiene felisitearden ús sels mei it goud. Mar Epke, it is dyn fertsjinste, mei alle minsken dy’t achter dy stean. Histoarysk, geweldich, fenomenaal, fantastysk en ûnferjitlik, do bist in topper!
Alle minsken dy’t ús fierder holpen hawwe mei de Olympyske Spelen, tank!
En ta beslút: tank oan alle lêzers fan dizze blog! Ik ha it graach dien. Wa wit komt der ea in ferfolch…
Jan Vincent van Zuiden (Twitter: @JVvanZuiden)