Frou mishannele yn Easterwâlde

10 aug 2012 - 10:47

De plysje docht ûndersyk nei in mishanneling fan in frou (19) út Langedike. De frou fytste tongersdeitejûn let fanôf de fuotbalfjilden fan Easterwâlde op it fytspaad fan de Venekoterweg. Doe't sy in man ynhelje woe, hearde se ynienen dat syn fyts op de grûn foel. Doe't de frou om seach om te sjen wat der oan de hân wie krige sy klappen tsjin de holle, wêrtroch se fan de fyts foel. Hjirnei pakte de man it slachtoffer fêst.

De frou koe lykwols frij komme en is fuortdraafd. De plysje is op syk nei tsjûgen dy't wat sjoen hawwe.

Sy kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)