Mei 157 km lâns Drachten

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei it rydbewiis ynnaam fan in Damwâldster (34). Hy ried 157 kilometer de oere op de sneldyk by Drachten, op in plak dêr't er mar 100 mocht.
In Eanjumer (30) mist sûnt tongersdeitejûn syn rydbewiis. It waard ynnaam by Burdaard, omdat de man dêr mei tefolle drank op tsjin in ferkearsboerd riden wie. En tongersdeitenacht waard yn Dokkum it rydbewiis fan in Ternaarder (52)ynnaam. Hy foel op troch syn rydgedrach. Ut in blaastest die bliken dat ek hy tefolle dronken hie.