RUG praat oer boete Epke

10 aug 2012 - 10:35

Nije wike beslút de Ryksuniversiteit Grins (RUG) wat der mei de langstudearboete fan Epke Zonderland bart. Der wurdt sjoen nei de mooglikheid om dy, lykas yn Utrecht, troch âld-studinten betelje te litten. Zonderland studearret genêskunde oan 'e RUG. As hy in jier te lang oer syn stúdzje docht, moat er in boete fan 3000 euro betelje.

De oanfraach foar kompensaasje fan 'e boete kaam fan in oare sporter oan 'e RUG. Steatssiktaris Halbe Zijlstra hat al sein dat der foar topsporters gjin útsûndering makke wurde mei.

De Universiteit fan Grins is entûsjast oer de oplossing dy't yn Utrecht betocht is en besjocht nije wike oft dy ek yn Grins tapast wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)