Boalserter wol plysje skoppe

Oanhâlden © Omrop Fryslân
In Boalserter (33) hat tongersdeitemiddei besocht in plysje te mishanneljen. Dy woe de man yn syn wenplak oanhâlde omdat er noch in tal iepensteande boetes hie. De man besocht út te naaien en skopte yn de rjochting fan it gesicht fan de plysje.
It slagge de plysje nei ferrin fan tiid om de man yn de boeien te krijen en ôf te fieren nei it plysjeburo. Dêr is er fêstset foar fierder ûndersyk.