Ferliezend Hearrenfean fierder

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Sportklup Hearrenfean hat de twadde wedstriid tsjin Rapid Boekarest mei 1-0 ferlern. Nei de 4-0 thúswinst wie dat genôch om fierder te spyljen foar it haadtoernoai fan de Europa League. Yn de waarme haadstêd fan Roemenië hie de ploech fan Marco van Basten yn de earste helte neat yn te bringen. Rapid kaam yn de 20e minút op foarsprong troch in strafskop, fersulvere troch Herea. Daliks dêrnei waard de 2-0 fan Mihai Roman fanwege bûtenspul (net terjochte) ôfkard. Yn de twadde helte joech Hearrenfean better partij en wie de Rapid-stoarm lune.
Freed wurdt der lotte foar de beslissende ronde. De winners fan dy play-off wedstriden komme yn it haadtoernoai fan de Europa League.