Bokma Beerenburch wer werom

09 aug 2012 - 18:52

Nei 30 jier is de beerenburch fan it eardere Ljouwerter bedriuw Bokma werom op de merk. De presintaasje wie tongersdeitemiddei nei it skûtsjesilen op 'e Lemmer. De drank is makke mei it famyljeresept út 1894 fan Klaas Bokma en moat benammen de konkurrinsje oangean mei de beerenburch fan Weduwe Joustra.

Bokma is hjoeddedei foaral bekend fan de jenever. It bedriuw hâlde tritich jier lyn op mei it meitsjen fan de beerenburch, mar ferwachtet der no wer in soad fan. De presintaasje wie op it sponsorskip fan it Ljouwerter skûtsje.

Bokma Beerenburch sil it Ljouwerter skûtsje de kommende jierren sponsorje. Wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert fynt it moai dat de Ljouwerter beerenburch werom is, mar is wol fan betinken dat dy eins ek yn Ljouwert makke wurde moat. Dat is no noch net it gefal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)