Tennet wol 50 huzen keapje

09 aug 2012 - 17:17

Fyftich Fryske húseigeners dy't yn in straal fan 65 meter om de nije heechspanningsmêsten fan netbehearder Tennet wenje kinne har hûs ferkeapje oan Tennet. Tusken de Eemshaven en de Rânestêd komt in nije heechspanningslieding. Foar de húseigeners betsjut dit dat se in foarstel krije om útkocht te wurden. Se hoege net fuort, mar de netbehearder jout de mooglikheid omdat de wenning of pleats minder wurdich wurde kin.

Tennet giet no by de minsken del om it boadskip te fertellen. De reaksjes binne neffens in wurdfierder wikseljend.

Yn de measte gefallen reagearje minsken emosjoneel op it foarstel. De húseigeners kinne sels twa jier nei de realisaasje fan de heechspanningsmêsten yn 2018 útmeitsje oft se har wenning ferkeapje wolle oan Tennet. Tennet lit de wenning taksearje en betellet dy priis.

Trefwurden: 
heechspanningsmêst Tennet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)