GGD-ynfolijn Q-koarts opheft

Yn totaal binne der trije fragen binnenkaam op de offisjele Q-koarts ynformaasjelijn fan de GGD. De lijn wie iepensteld nei't dúdlik waard dat in opfallend tal minsken yn Fryslân Q-koarts oprûn hie. Minsken fregen ûnder oaren oft se alles noch wol dwaan koene lykas oars. Oft se bygelyks noch wol op in boerekemping stean koene.
Om't der mar sa'n bytsje fragen binnenkamen hat de GGD nei inkele dagen besletten om de lijn wer op te heffen. De Q-koarts-fragen wurde no wer op it gewoane ynformaasjenûmer beantwurde.