Frjentsjerter langer fêst

Justysje © Omrop Fryslân
It foararrest fan in 48-jierrige ynwenner fan Frjentsjer dy't fêstsit foar belutsenheid by in fjochtpartij op 22 july yn Harns is mei nochris 30 dagen ferlingd. De man wurdt fertocht fan mishanneling, bedriging en it yn besit hawwen fan in fjoerwapen. Hy soe mei in maat op de Kleine Bredeplaats twa oare manlju oanfallen ha. Dêrby is meardere kearen sketten. Ek soe der in mes brûkt wêze. Der rekke net ien ferwûne.