Goed jier gersdroegerij

09 aug 2012 - 11:50

De gersdroegerij op 'e Pein hat in goed jier. It bedriuw ferwachtet 10.000 ton gers te ferwurkjen. Dat is oardel tûzen ton mear as foarich jier en dat komt del op hast 20 persint ekstra gers.

De boeren helje mear gers fan it lân troch it goeie waar. Ek is it krachtfoer djoerder troch in minne soaja-risping yn Amearika. Boeren kieze dan leaver foar de goedkeape aaiwiten út gers. Boeren dy't oars net by de gersdroegerij kamen, komme no wol wer.

Trefwurden: 
De Pein gersdroegerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)