Oefening Epke neimakke yn Lego

09 aug 2012 - 11:14

De folsleine Gouden Olympyske oefening fan Epke Zonderland is neimakke yn Lego. It filmke is makke troch it duo Dennis & Tren en te sjen op youtube. By de 'lego'-oefening is ek it kommentaar te hearren fan Hans van Zetten. Ek yn Lego makket de oefening noch in soad yndruk. It filmke is makke troch foto's fan it Epke-popke achter elkoar te setten. It is al tûzenen kearen besjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)