Sieraden stellen yn Grou

Ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket de stellerij fan sieraden út in hûs oan de Nij Djipstrjitte yn Grou. In ûnbekende man kaam woansdeitemoarn it hûs yn. Yn it bywêzen fan de 84-jierrige bewenner helle er gouden sieraden út in kast. Dêrnei naaide er út yn in auto.
It giet om in man fan tusken de 50 en 60 jier âld yn in grize auto. De plysje siket minsken dy't mear fertelle kinne oer de stellerij of de dieder.