Bromfytster ferwûne by ûngelok
In 54-jierrige bromfytster út Ljouwert is woandeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Harnzerstrjitwei. De frou ried op har bromfyts oer it fytspaad yn de rjochting fan Harns. Sy waard oanriden troch in auto dy't links ôfslaan woe en de frou gjin foarrang joech. De frou rekke ferwûne oan har skonk en kniesde har ribben. Se is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.