Frisse Wind boykot gearkomste

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De riedsfraksjes fan Frisse Wind en Lijst Soolsma binne woansdeitejûn net by de spesjale riedsgearkomste yn de gemeente Harns. Dy gearkomste is ynsteld om te praten oer de breuk yn de koälysje. Yn in ferklearring stelle se dat it meidwaan oan in debat net liede sil ta in oplossing fan de problemen.
Fierder binne de partijen benaud dat de lytse ferskillen troch dy gearkomste allinnich mar grutter wurde. Oan it slot fan de ferklearring stelle de partijen dat se ek wol wat betters te dwaan ha op sa'n moaie simmerjûn yn augustus.