Frjentsjer wint Freule 2012

08 aug 2012 - 18:09

It partoer fan Frjentsjer is de winner fan de 110de Freulepartij yn Wommels. De grutte favoryt makke it yn de finale dien tsjin it partoer fan Makkum. Op in stân fan 5-3 en 6-4 makke Frjentsjer de partij mei in boppeslach út. Kars Zeinstra, Allard Hoekstra en Christian de Haan hiene it dochs noch aardich dreech tsjin Makkum, mar soargen nei lange tiid wer foar winst fan de keatsferiening Jan Bogstra. Makkum keatste mei Jelle Attema, Jesse Rinia en Remco Miedema. De tredde priis wie foar Dronryp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)