Moai waar op Hurdsyldei

08 aug 2012 - 17:04

Nei it strieminne waar fan ferline jier, koe it woansdei hast net better op de tradisjonele hurdsyldei fan de Snitswike. It wie machtich moai sylwaar op de Snitsermar. Mei eins mar ien minpuntsje: it tal dielnimmers is aardich nei ûnderen gien. Fan 900 ferline jier nei 760 dit jier.

Mar ek mei minder dielnimmers as ferline jier bliuwt de Snitswike fierwei it grutste Europeeske sylevenemint op it binnenwetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)