Bibleteektsjinst siket klanten

Biblioteekservice Fryslân wol net mear foar allinnich biblioteken wurkje. Se wolle ek foar oare kultuerele ynstellings lykas musea, teaters en skoallen oan de slach. De bedoeling is om foar harren administratyf wurk te dwaan. Mei dizze merkferbreding hopet de ynstelling de basis foar de eigen organisaasje te fersterkjen.
Bibliotheekservice Fryslân krige ferline jier te hearren dat se 6 ton minder subzydsje krije fan de provinsje en moat sadwaande op syk nei nije boarnen fan ynkomsten.