Freuledei: noch 6 partoeren

08 aug 2012 - 15:01

Der begjint tekening te kommen yn de Freulepartij foar jonges yn Wommels. Fan de 48 partijen binne der noch seis oer foar de fjirde list. Hjirby is ûnder oare it favorite partoer fan Frjentsjer. Dat weefde op de tredde list mei 5-2 en 6-0 probleemleas ôf mei it twamanspartoer fan Hurdegaryp.

Frjentsjer nimt it op 'e fjirde list op tsjin Berltsum. De twa oare partijen op 'e fjirde list binne Dronryp tsjin Sint Jabik en Alde Leie tsjin Makkum. Sint Jabik levere op 'e tredde list fûle striid mei Wytmarsum, mar wûn mei 5-4 en 6-4.

De Freulepartij wurdt woansdeitemiddei foar it earst live útstjoerd op Omrop Fryslân TV en op www.omroplive.nl.
De fjirde list fan de Freulepartij sjocht der sa út:

2. Berltsum tsjin 9. Frjentsjer
18. Dronryp tsjin 28. Sint Jabik
en
39. Alde Leie tsjin 44. Makkum

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)