Beammekap Kattebosk mocht wol

08 aug 2012 - 14:14

De rjochtbank fan Ljouwert hat de beswieren fan omwenners tsjin de kap fan 20 beammen op de Kattebosk Op It Hearrenfean terjochte ûnbegrûne ferklearre. Dat hat de Rie fan Steat woansdei bepaald.

De bewenners hiene beswier makke tsjin de kapfergunning foar 20 beammen dy't de gemeente Hearrenfean joech oan de Jehova's Tsjûgen. De beammen binne kape om it stik grûn bouryp te ferkeapjen. Der wiene plannen foar de bou fan sân huzen, mar dy giene net troch. De omwenners sjogge no tsjin in stik braaklizzend terrein oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)