Jan Giro-tribute by de Aldehou

08 aug 2012 - 12:37

Der komt in earbetoan oan de Ljouwerter rock 'n roll leginde Jan Giro, dy't sân jier lyn ferstoarn is oan darmkanker. Dat fynt freed plak op it Olderockfestival by de Aldehou yn Ljouwert. Op Olderock spylje tribute-bands fan The Rolling Stones, Led Zeppelin en Johnny Cash, mar ek fan Jan Giro.

Der is ek noch in spesjale aksje: wa't oantoane kin dat er jild tegoede hat fan Jan Giro mei der fergees yn. Syn eardere tourmanager Jan Gaastra hâldt der rekken mei dat dizze aksje him ferskate frijkaartsjes kostje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)