Beppe Agnes Zonderland grutsk

08 aug 2012 - 12:16

2,7 miljoen minsken hawwe tiisdeitemiddei sjoen hoe 't Epke Zonderland goud wûn op de rekstôk. Ien derfan wie syn 96-jierrige beppe Agnes Zonderland. Tegearre mei har soan, dy't ek Epke hjit, beseach se de spannende finale yn âldereintehûs Doniastate yn Sint Nyk.

Woansdei reint it lokwinsken by frou Zonderland en sadwaande praat de grutske beppe noch de hiele dei nei oer dy gouden prestaasje fan har beppesizzer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)