Dief bernewein oanhâlden

08 aug 2012 - 10:51

Mei de oanhâlding fan in man (39) sûnder wenplak hat de plysje de stellerij fan in bernewein en in tas oplost. Yn de tas siet allerhande guod, lykas in fototastel, in beurs mei paskes en in rydbewiis.

De spullen waarden op 31 juny stellen fan in man (32) út Menaam. Dy hie de spullen út de auto helle en op syn hiem delset. Nei't hy syn dochter yn hûs brocht hie, kaam hy werom om it guod op te heljen. De spullen wiene doe al fuort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)