100 meter koper stellen

08 aug 2012 - 10:08

Fan in bouterrein lâns it spoar oan de Oenemadyk by Wurdum is tiisdeitenacht in hûndert meter lange koperen kabel stellen. De kabel siet op in rol op it terrein.

Neffens de plysje is by de stellerij in grutte wein brûkt om de rol mei te nimmen. It terrein leit lâns de N31. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
stellerij koper Wurdum kabel
(advertinsje)