Mear Friezen yn 2012 wurkleas

© Omrop Fryslân
De wurkleazens yn Fryslân nimt takom jier ta. No is 5,5 persint fan de beropsbefolking wurkleas, yn 2012 is dat 6,6 persint. Yn fergelyk mei de oare noardlike provinsjes docht Fryslân it noch it bêste. Yn Grinslân komt de wurkleasheid takom jier boppe de 9 persint út, yn Drinte is dat 7,2 persint.
De sifers komme fan it Ekonomysk Buro fan de ING. Lanlik komt de wurkleazens yn 2012 op 6,3 persint út. Neffens ING binne der hast gjin sektoaren dy't oan baneferlies ûntkomme.