Derek yn Hall of Fame

Derek yn Driezum
Hurddraafhynder Derek Buitenzorg, it adopsjehynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân, komt yn de Hall of Fame fan de Nederlandse Draf- en Rensport. Yn dizze earelist steane beskriuwings en foto's fan beroemde draafhynders.
Dat Derek no yn de Hall of Fame opnaam wurdt is eins wol bysûnder. Hy hat oant no ta noch gjin prestaasjes delset lykas de oare hynders yn de list. It bestjoer fan it NDR-Archyf en museum wol Derek lykwols graach yn de list hawwe om't er no al in ferneamde draver is.