Hiel Lemsterlân grutsk op Epke

De gemeente Lemsterlân hat Olympysk kampioen Epke Zonderland tiisdei fuortendaliks op twitter lokwinske. Neffens boargemaster Dick Stellingwerf is hiel Lemsterlân grutsk op Epke. 'It fielt in bytsje as hat hiel Lemmer wûn', sa liet er witte.
Der hat noch gjin direkt kontakt west mei de turner, mar neffens Stellingwerf komt dat moarn wol. Dan sil der ek neitocht wurde oer in passend huldigingsfeest foar Zonderland. Yn de buert dêr't de turner opgroeid is, waard de gouden plak ek fierd.
Sa wurdt der jild ynsammele om Epke in moai bosk blommen te jaan, en om de strjitte te fersieren foar syn thúskomst.