Grave oan 'e Oosterstraat

Yn opdracht fan 'e gemeente Ljouwert binne archeologen moandei begûn mei ûndersyk oan de Oosterstraat yn de binnenstêd. Neffens de archeologen fan buro RAAP út Drachten giet it om in moaie lokaasje grôtfol âlde muorren, wetterputten, iepen hurden, tegels en oar diggelguod. It wurk giet hurd. Nei in dei wurk sieten de archeologen al yn de 17de ieu.
De archeologen hawwe it twa wike oan tiid om alles fêst te lizzen, foardat boufakkers hjir nei de fakânsje begjinne mei de oanlis fan in parkeargaraazje foar de provinsje.
Helle Molthof fan buro Raap neamt it 'in moaie lokaasje'. Je hoege mar ien oant oardel meter te dollen om in pear hûndert jier yn 'e tiid werom te gean. Ut namme fan de gemeente folget archeologe Mariëlle Kenemans it ûndersyk op 'e foet. Sa faak bart it net dat yn de binnenstêd in lokaasje beskikber is foar archeologysk ûndersyk. Allinnich as der by it ûndersyk hiele bysûndere of belangwekkende saken foar it ljocht komme, kin de konsekwinsje wêze dat de oanlis fan de parkeargaraazje in skoftke útsteld wurde moat.