Bûtenlanners wurkje yn natuer

De earste groep fan tweintich ynternasjonale frijwilligers is tiisdei begûn mei wurk foar Steatsboskbehear op de Duerswâldster heide. Studinten fan oer de hiele wrâld gean fia de Stichting Internationale Werkkampen (SIW) alle jierren yn de natuer oan it wurk. Se leare sa tagelyk inoar en inoars kultuer kinnen.
Foar guon dielnimmers wie de wiete Nederlânske natuer wol even wennen. De boskwachters hawwe moandei noch learzens en sliepsekken keapje moatten om't guonts allinnich mar slippers mei hiene.