Skûtsje fart troch nei botsing

07 aug 2012 - 12:08

Skipper Berend Mink fan skûtsje d'Heale Moanne is tiisdei by Heech trochfearn nei in oanfarring en hat ek nei de tiid neat mear fan him hearre litten. D'Heale Moanne kaam by Heech yn botsing mei it 24 meter lange beurtskip Koopmans Welvaart. Dat skip rûn troch de oanfarring in soad averij op.

De eigener fan it skip, de famylje Horjus, is slim teloarsteld dat skipper Mink in dei letter noch neat fan him hearre litten hat. Neffens frou Tineke Horjus fan Koopmans Welvaart gie Mink net frij-út by de oanfarring. Berend Mink ûntkent dat.

Neffens Mink hie it beurtskip, dat op 'e motor foer, foarrang jaan moatten oan it silende skûtsje dat op wei wie nei de start fan de wedstriid. Der is yntusken ek in koarte ferklearring fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen oer de saak. De SKS fynt dat de twa partijen gau mei-inoar prate moatte. De wetterplysje koe tiisdeitemoarn noch net ynhâldlik op de saak yngean. De wetterplysje hat yntusken mei beide partijen praat. Neffens in wurdfierder fan de wetterplysje hie d'Heale Moanne de Koopmans Welvaart foarrang ferliene moatten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)