Aksje tsjin hege poppestjerte

05 des 2011 - 22:32

De ferloskundigen fan Snits, Boalsert, Koudum en Emmeloord hawwe in oerienkomst tekene mei de gynekologen fan it Antonius- sikehûs yn Snits. Doel is om de ferloskundige soarch te ferbetterjen. Troch in bettere gearwurking en kommunikaasje kinne risiko's folle earder sinjalearre wurde. Dat is wichtich, want út ûndersyk docht bliken dat der yn Nederlân mear poppen by of krekt nei de befalling stjerre as yn oare Europeeske lannen.

It is net de bedoeling om de froulju safolle mooglik yn it sikehûs befalle te litten. Troch in bettere foarljochting hoopje de ferloskundigen dat der krekt minder medyske befallings noadich binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)