Sylskoallen kinne goedkeaper

© Omrop Fryslân
Sylskoallen hoege net mear it hege BTW-taryf fan 19 prosint yn rekken te bringen, mar it folle legere taryf fan 6 prosint. Dat is de útspraak fan de Hege Ried. In sylskoalle hie mei belangeferiening Hiswa de saak oanspand.
Neffens de Hiswa betsjut dat dat de sylskoallen de konkurrinsje mei oare fâkansje-aktiviteiten better oan kinne. Geert Dijks fan de Hiswa ferwachtet dat sylskoallen it legere taryf foar in grut part trochberekkenje sille oan de klanten.