D-day foar Epke Zonderland

It is tiisdei derop of derûnder foar Epke Zonderland. De Fryske turner docht mei foar in gouden medalje op de Olympiade yn Londen. De finale is om eefkes nei healwei fiven. Zonderland sil dan oan de rekstôk syn unike kombinaasje fan trije flechteleminten sjen litte.
Ut ûndersyk troch it buro Kien docht bliken dat 61 prosint fan de Nederlanners tinkt dat Zonderland goud hellet by de finale oan de rekstôk. Ien op de fiif Nederlanners hat minder betrouwen yn de medaljekânsen fan Zonderland.
De bemanning fan it SKS-skûtsje fan It Hearrenfean is grutte fan fan Epke. Se moasten noch skreppe om nei de wedstriid op 'e Fluessen op 'e tiid op in plak te kommen dêr't se Epke syn oefening sjen kinne.