'Dochs wynmûnen op Ofslútdyk'

Ofslútdyk © Omrop Fryslân
Steatssekretaris Atsma fan Ynfrastruktuer en Miljeu sjocht dochs mooglikheden foar wynmûnen op de Ofslútdyk. It bedriuwslibben hat ek belangstelling foar de pleatsing fan wynmûnen dêr, sei Atsma moandei yn de Twadde Keamer.
Atsma ferwachtet dizze moanne in akkoart te sluten mei de provinsjes oer de fernijing fan de Ofslútdyk. Dy moat oanpakt wurde fanwege de feiligens, Atsma wol dat kombinearje mei duorsume enerzjy, lykas it opwekken fan sinne-enerzjy en blue energy. Dat is stroom opwekke út de oergong fan sâlt nei swiet wetter.