Nijjiersfeest op drafbaan

© Omrop Fryslân
Op de drafbaan fan Wolvegea wurdt dochs wer in grut nijjiersfeest hâlden. It feest begjint yn de nacht fan âld op nij om healwei ienen.
De ôfrûne kear gie it feest net troch om't de nije eigener fan de baan it kompleks krekt ferboud hie. Der wie in alternatyf feest yn in diskoteek yn Eesveen, mar dêr waarden te min kaarten foar ferkocht. Der wurde no goed tûzen minsken ferwachte op de drafbaan.