Auto ramt wenhûs Hearrenfean

05 des 2011 - 12:30

In auto is moandei om kertier foar tolven hinne op It Hearrenfean tsjin in wenning oanriden. Dat wie op de Beugel. De auto ried neffens tsjûgen hurd oer de rotonde, fleach troch de boskjes en batste doe op it hûs. Nei alle gedachten is de froulike bestjoerder net goed wurden.

De brânwacht is dwaande om de frou út de auto te heljen. De wenning hat skea. Meiwurkers fan de wenningbouferiening binne ûnderweis om te sjen hoe slim oft de skea is.

Trefwurden: 
auto It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)