'Tichte EHBO kostet libbens''

05 des 2011 - 12:17

As de earste help fan sikehûs De Sionsberg tichtgiet, sil dat libbens kostje. Dat sizze medysk spesjalisten yn Dokkum. De direksje fan it sikehûs slút ferskate ôfdielings om't se de kwaliteit net mear garandearje kin.

Om it fuortfallen fan de earste help op te fangen wol de Pasana Zorggroep mei soarchfersekerder De Friesland in ekstra ambulânsepost yn de regio yn it libben roppe. Dat is gjin oplossing, sizze de sjirurgen. Se slute harren oan by de organisaasje fan in protestmanifestaasje. Dy sil takom sneon plakfine.

Trefwurden: 
De Sionsberg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)