Ferbline troch sinne: botsing

© Omrop Fryslân
By in oanriding op de Aldeberkeaperwei by Aldhoarne binne sneintemiddei twa automobilisten ferwûne rekke. In 19-jierrige autobestjoerder út Aldeberkeap rekke ferbline troch de sinne en kaam op de linkerhelte fan de dyk terjochte. Hy botste frontaal op in tsjinlizzer.
De beide bestjoerders binne mei ferwûnings nei it sikehûs ta brocht.