Hast helte Friezen is te dik

Hast de helte fan alle Friezen fan 19 jier en âlder is te swier. Dat docht bliken út in sûnensenkête fan de GGD Fryslân. De Friezen mei oergewicht bewege minder en hawwe faker sûkersykte, hege bloeddruk of hertproblemen. By slim oergewicht is der boppedat faker sprake fan psychyske problemen.
Goed 40 persint fan de Fryske befolking is fan doel ôf te fallen troch mear te sporten en minder fet te iten. Foar Friezen dy't te dik binne, jildt dat noch mear as foar Friezen sûnder oergewicht.