Ald-steateleden wolle oare dyk

© Omrop Fryslân
Fiif âld-steateleden fan ferskate partijen hawwe provinsjale steaten yn in brief oproppen nochris hiel goed nei te tinken oer de oanlis fan de Sintrale As. De Ried fan Steat bepaalde yn novimber dat de oanlis fan de dyk tusken Dokkum en Nyegea trochgean kin. Neffens de âld-steateleden kin der better keazen wurde foar in alternatyf en goedkeaper trasee. Dat betsjut neffens har bygelyks in twabaansdyk wêr't dat mooglik is.
Under oare Douwe Bylsma fan de FNP en Hannah Ludwig fan de PvdA skriuwe dat der op in soad saken besunige wurde moat en dat de oanlis fan diken dêrby heart.