Galafoarstelling Hearrenfean

04 des 2011 - 20:03

Sportklup Hearrenfean hat snein op spektakulêre wize fan koprinner AZ wûn. Hearrenfean spile AZ hielendal fan it fjild en oan de ein fan de wedstriid stie der 5-1 op it skoareboerd. Troch de oerwinning stiet Hearrenfean no sechsde.

Der wie by Hearrenfean eins gjin ien dy't der echt boppe-út stuts. It hiele team spile in goeie wedstriid. Man fan de wedstriid waard Rajiv van La Parra.

Nei fjouwer dikke kânsen kaam Hearrenfean nei in kertier op 1-0 troch Bas Dost. Lang koe Hearrenfean net genietsje want fia Jozy Altidore kaam AZ op likense hichte. AZ naam efkes it heft yn hânnen, mar yn de 31ste minút makke Rajiv van La Parra syn earste goal yn de earedivyzje ( 2-1).

Fuort nei rêst makke Filip Djuricic nei in geweldige pass fan efterút fan Jeffrey Gouweleeuw de 3-1. Noch gjin twa minuten letter joech Gouweleeuw wer in fraaie assist foar de 4-1. Dit kear wie it Ramon Zomer dy't skoarde. Luciano Narsingh makke it feest kompleet troch in kertier foar tiid mei in fraaie stift de 5-1 te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)