Frysk trio wint teamsprint

© awfoto.nl
It Fryske trio Sjoerd de Vries, Michel Mulder en Jesper Hospes hat snein de teamsprint wûn by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean. Hospes biet it spits ôf, Mulder ried it middenstik en De Vries makke de race opfallend sterk ôf. Twadde by de mannen waard Ruslân, folge troch de nûmer trije Kanada.
By de froulju wie der in tredde plak foar de sprintploech mei Annette Gerritsen, Floor van den Brandt en Anice Das. It goud gie nei Japan, it sulver wie foar de ploech fan Dútslân. De teamsprint waard dit wykein foar it earst ferriden as testûnderdiel.