Sjoerd de Vries 2e op 1000 m

04 des 2011 - 15:52

Sjoerd de Vries is sneintemiddei ferrassend twadde wurden op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. Hy sette in knappe tiid del fan 1.09.14, en moast allinnich Kjeld Nuis foar him litte. Dy wie mei 1.08.64 fierwei de rapste op de kilometer.

It brûns gie nei de Súd-Koreaan Tae-Bum Mo. De Vries stiet nei de rit fan snein op it tredde plak yn it algemien klassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)