Leenstra fiifde op 1000 meter

04 des 2011 - 15:30

Marrit Leenstra is sneintemiddei fiifde wurden op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean. Yn in tiid fan 1.16.23 wie se de rapste Nederlânske rydster. Krekt lykas de lêste wiken sloech de Kanadese Christine Nesbitt snein ek wer foar master op. Sy sette 1.15.32 op de klok en wûn dêrmei foar de tredde kear op rige.

Ireen Wüst einige op in sânde plak mei 1.16.37. Thijsje Oenema kaam net fierder as it trettjinde plak, krekt foar Margot Boer dy't as fjirtjinde einige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)