Jonge (17) krijt kopstjit

04 des 2011 - 14:08

In 17-jierrige jonge út Rutten is dit wykein mishannele op 'e Lemmer. In man bedrige him yn de Koartestreek en joech him in kopstjit. Doe't de jonge útnaaide, kaam de man him achternei. De jonge koe lykwols fuortkomme. Hy warskôge de plysje, mar dy hat de man net fûn.

De plysje freget minsken dy't mear witte fan de mishanneling op de Lemmer kontakt op te nimmen. Der is in sinjalemint fan de man. It giet om in keale man fan tusken de 25 en 35 jier mei grutte eagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)