Ferwûne nei fal fan motorkap

© Omrop Fryslân
In 21-jierrige man út Wolvegea is dit wykein ferwûne rekke doe't er fan in motorkap ôf foel yn de Tsjerkestrjitte yn syn wenplak. Hy woe der net ôfgean doe't de 18-jierrige bestjoerder út Wolvegea de auto stilhâlde en him dat frege.
De bestjoerder joech doe gas. De man foel fan de motorkap ôf en rekke ferwûne oan de holle. De ferwûne man is oerbrocht nei it sikehûs.