Friezen fuortblaasd op NBK

04 des 2011 - 08:14

De kampioensdivyzje en earste divyzje fan de Nederlandse Brassband Kampioenschappen yn Grins hawwe gjin Fryske priiswinners opsmiten. Yn de kampioensdivyzje bleau De Wâldsang út Bûtenpost stykjen op in fjirde plak. Yn de earste divyzje wie Pro Rege fan It Hearrenfean mei it fyfde plak de bêste Fryske dielnimmer.

It wie sneon de twadde dei fan de kampioenskippen. De Friezen wiene doe wol súksesfol yn de twadde divyzje. Dêr giene alle prizen nei Fryske brassbands. By de divyzjes dy't freed ôfwurke waarden giene de twadde en tredde prizen nei Friezen.

Snein yn it programma Muzyk Maskelyn opnames fan de kampioenskippen.

Trefwurden: 
Grins brassband
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)