Wüst twadde op 1500 meter

03 des 2011 - 16:13

Reedriidster Ireen Wüst is twadde wurden op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. Yn in rjochtsteeks duel ferlear se fan de Kanadese Christine Nesbitt.

Wüst ried in tiid fan 1.57.15, hast twa sekonden stadiger as de winnende tiid fan Nesbitt, 1.55.68. Marrit Leenstra waard teloarstellend tolfde yn in tiid fan 1.58.13.

Trefwurden: 
Ireen Wüst wrâldbeker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)