Brûns foar Jesper Hospes

© awfoto.nl
Jesper Hospes hat op de 500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn syn eigen wenplak foar in moaie ferrassing soarge. De 23-jierrige hurdrider ried yn in persoanlik rekôr fan 35,06 nei de brûnzen medalje, syn earste op in wrâldbekerwedstriid.
It wie tige spannend boppeyn. De Fin Pekka Koskela wist mei in tiid fan 35,01 krekt de Japanner Joji Kato (35.02) efter him te litten. Jan Smeekens waard fiifde (35.11) en stiet no op in fjirde plak yn it algemien klassemint.