Dronken spoekrider op Wâldwei
De plysje hat freedtenacht in man út Amsterdam fan de Wâldwei by Wergea helle. De 31-jierrige man ried tsjin it ferkear yn oer de fjouwerbaansdyk fan Drachten nei Ljouwert.
De spoekrider koe by Wergea troch de plysje klemriden wurde. Doe die bliken dat er tefolle dronken hie. Syn rydbewiis is ynnaam en hy hat in proses-ferbaal krige.